Tonge

Ut Wikipedy
De minsklike tonge.

De tonge, tûnge of mei in wat denigrearjend wurd blaai is in beweeglik orgaan yn 'e mûle fan minsken en de measte oare wringedieren. De tonge is wichtich foar smaakgewaarwurding en frijwol ûnmisber by kôgjen en slokken en by it foarmjen fan klanken foar spraak. Fierders spilet dit orgaan ek in rol by it skjinhâlden fan it gebit en yn 'e minsklike seksualiteit, by tútsjen en orale seks.

De tonge by minsken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De minsklike tonge bestiet benammentlik út spieren. Troch de saneamde ekstrinsike spieren (de musculus genioglossus, de musculus hyoglossus, de musculus styloglossus en de musculus palatoglossus) wurdt de tonge ferbûn mei de ûnderkaak, de tongbonke (foaroan yn 'e kiel) en de skedelbasis; dy spieren kinne de posysje fan 'e tonge yn 'e mûle feroarje.

De tonge fan in hûn.

De spieren fan 'e tonge sels, de yntrinsike spieren (de musculus longitudinalis superior linguae, de musculus longitudinalis inferior linguae, de fertikale tongspier en de dwerse tongspier) soargje derfoar dat de tonge fan foarm feroarje kin. Sa kin de minsklike tonge troch de wurking fan acht ferskillende spieren hinne en wer en op en del beweegd wurde. Oan 'e ûnderside sit de tonge fierders mei de tongrym, of it tongfrenulum, fêst oan 'e mûlboaiem. Trochdat de tonge oan 'e foarkant los is, heart it ta de beweeglikste dielen fan it minsklik lichem.

De boppekant fan 'e tonge is beklaaid mei in grut tal papillen. Dêrmei kin de minske smaak gewaarwurde en de ûnderskate smaken bitter, sâlt, soer, swiet en ûmamy ûnderskiede. Yn 'e tweintichste iuw waard lang tocht dat de gewaarwurdings fan 'e ferskillende smaken op ûnderskate gebieten fan 'e tonge plakfine soene; dat berêst lykwols op in misse ynterpretaasje fan ûndersyksgegevens út 'e njoggentjinde iuw. Yn wurklikheid is it sa dat alle smaken oeral op 'e boppekant fan 'e tonge preaun wurde kinne, al is it wol sa dat der wat langer wat minder papillen binne wat fierder as men efter op 'e tonge komt. Dêrom nimt men fiissmeitsjende medisinen yn 'e regel yn troch se efter op 'e tonge te lizzen (sadat se sa min mooglik preaun hoege te wurden) en se dan gau fuort te spielen mei wetter.

De tonge wurdt yn haadsaak fan bloed foarsjoen troch de tongslachier (arteria lingualis). Dêrnjonken kriget de tonge bloed fia it tonsillêre diel fan 'e gesichtsslachier, dat tusken de spieren musculus pterygoidicus medialis en musculus styloglossus yn leit. As de kiel medysk ûndersocht wurde moat, kin de tonge mei in tongspatel platdrukt wurde om sicht te krijen op it efterlizzende gebiet, de orofarynks.

In okapy slikket him de snút ôf mei syn lange tonge.

Behalven foar saken dêr't er oarspronklik foar evoluëarre is, lykas smaakgewaarwurding, kôgjen en slokken (de earste faze fan 'e spiisfertarring) en it artikulearjen fan klanken foar spraak, spilet de tonge ek in wichtige rol by it skjinhâlden fan it gebit en yn 'e minsklike seksualiteit, by tútsjen en orale seks. Guon litte by wize fan lichemsfersiering feroarings oanbringe oan 'e tonge. Dêrby giet it yn 'e measte gefallen om in tongpiercing, wêrby't in fertikaal gatsje boarre wurdt troch de midden fan 'e tonge, sadat dêrtroch in sieraad droegen wurde kin. By in tongfrenulumpiercing (of tongriempiercing) wurdt horizontaal in piercing oanbrocht troch de tongriem. By tongspjalting wurdt it puntsje fan 'e tonge fertikaal fan foarren nei efteren midstwa spjalten.

De tonge by bisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By guon bisten tsjinnet de tonge njonken de funksjes dy't by minsken foarkomme ek om 'e lichemswaarmte te regulearjen (hûnen) of om harsels te waskjen (katten). In tonge dy't bestiet út in grut tal spieren is karakteristyk foar fjouwerpoatige libbensfoarmen; by fisken is de tonge mar yn tige rudimintêre foarm oanwêzich.

Ferlykbere organen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By wringeleaze bisten kommen soms organen foar dy't kwa funksje min ofte mear ferlykber (analooch) binne mei de tonge, lykas de proboskis by flinters en de radula by weakdieren. Sokke organen hawwe evolúsjonêr sjoen lykwols gjin inkeld ferbân mei de tonge, en binne der dus net homolooch oan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.